Skip to main content

LOKAASJE

Gasten kinne frij troch de tún strune. Mei in lyts hôf, in mimerhoekje oan ‘e sleatswâl, in fjoerplak, in labyrinth en tal fan skaad-en sinneplakjes is der genôch te sjen. Fytsen kinne ûnderdak yn ‘e skuorre, foar auto’s is der genôch parkearromte.
De Piskhoarndyk is in restant fan de eartiidse Middelseedyk. De namme kinne jo sa ferklearje: pisces (latyn)= fisken, herne (frysk)= hoeke; it plak wêr ’t fiskers wennen as wêr ’t fiske waard. De B&B lient syn namme fan it gehucht Barhûs (Barrahuis), ea in úthôf fan it kleaster fan Burgum.

Útfalsbasis

Barhûs leit ûnder de reek fan Ljouwert. Mei de fyts binne jo yn in kertier by it stasjon, en sa ha jo moai de kâns om de stêd te besjen. Musea, winkels, restaurants, terrassen, der is in ferskaat oan fertier. Wolle jo leaver de iepen romte yn? Op fyts- en kuierrûtes komme jo troch in prachtich iepen stik fan de provinsje. As jo wolle kinne jo tegearre mei de gasthear in bysûnder plan úttinke.

Langer ferbliuw

Bûten de simmermoannen is it ek mooglik ien fan de hûskes foar langere tiid te reservearjen (mei in oanpaste priis). As ûnderkommen by in projekt yn de regio bygelyks, om ynspiraasje op te dwaan, as om in skoft yn ‘e rêst te sitten en by te kommen fan de drokte fan dizze tiid. Nim dêroer kontakt op mei de gasthear.

© 2020 - 2023 bbbarhûs
Website door Joomlapartner Internetbureau