Skip to main content

DE HÚSKES

De houten túnhûskes steane frij op in âld boerehiem. Der is rom sicht oan de kime ta en se biede alle privacy dy ’t jo mar winskje kinne. It giele túnhûs is alhiel oplutsen út natuerlik boumateriaal. It soe in eko-predikaat fertsjinje: isolearre mei flaakswol, skil ûnder de houten flier, dûbel glês en mei hout ôftimmere. Op it súden iepenslaande túndoarren mei in frij terras.
It griene túnhûs foldocht oan deselde beskriuwing en is wat kompakter. Ek hjir hawwe jo een eigen terras. Fral oan it ein fan de dei is dat in hearlik plakje. Yn beide hûskes stiet in komfortabel bêd (eigen fabrikaat), in pear noflike stuollen en in tafel om oan te wurkjen, lêzen en fan it moarnsbrochje te genietsjen. Ek stiet der in wettersierder foar thee as kofje en is der wifi-ûntfangst.

It sanitair fine jo yn in aparte romte oan hûs. Yn dy romte is ek in oanrjocht mei in koelkast, in waskmesine en in ienfâldige kampearkeuken.

It (fegetaryske) moarnsbrochje wurdt mei soarch gearstald. Tink oan selsbakte broadsjes, in farsk aaike, selsmakke sjem, in gleske bio-sap. Wa wit treffe jo it mei farsk guod út de grientetún. Ha jo leaver wat oars, dan kin dat yn oerlis.

© 2020 - 2023 bbbarhûs
Website door Joomlapartner Internetbureau